Skip to content

SRV #8: Susanne Khalil Yusef

Café Disorient: Sound of the Camp



Residentie periode

za, 02 jul. 2022 / vr, 05 aug. 2022

Friesland


Expositie

ma, 17 okt. 2022 / zo, 13 nov. 2022

Kunstruimte H47

Haniasteeg 47
8911 BX Leeuwarden


SRV #8: Susanne Khalil Yusef

Dizze simmer presintearret VHDG in keunstwurk op tsjillen troch de Palestynsk-Nederlânske artyst Susanne Khalil-Yusef: Café Disorient: in ridend en kleurryk kafee, dat op ferskillende lokaasjes ferskine sil yn de perioade fan 2 july oant 5 augustus. Mei har kafee sil Susanne oan ferskate AZC’s in besite bringe om in iepen romte te kreëarjen foar muzyk en kofje. Dêrby draacht Susanne ferhalen mei har mei, dy’t relatearje oan dy fan de flechtlingen: oer it ferlies fan dyn thúslân, oer it flechte wêzen foar geweld en oer it ferset tsjin in ûnderdrukkende macht. Mei har reis nûget Susanne muzikanten út foar live konserten, ferwolkommet se minsken út de lokale mienskippen om har kafee yn te stappen en mei te dwaan, de muzyk te ûnderfinen en petearen te fieren oer ûnderwerpen dy’t geregeld it nijs yn Nederlân berikke, mar net de hjoeddeiske realiteit foar de measte ynwenners fan Fryslân foarmje.

Op 2 july sil Susanne út Ljouwert ôfsette om oan har reis te begjinnen troch it Fryske lânskip. De ferhalen dy’t se sammelet sille de ynspiraasje foarmje foar in nije eksposysje, dy’t by VHDG fan 17 oktober o/m 13 novimber te sjen wêze sil. De seremoanjes binne iepen foar elkenien. Sjoch it program hjirûnder om der efter te kommen wêr’tst yn ‘e kunde komme kinst mei Susanne’s oangripende en kleurrike wurk.

Parallellen tusken Palestynsk en Frysk ferset
Mei har ferbliuw yn de VHDG AiR (Artist in Residence) yn maart earder dit jier, rekke Susanne ynspirearre troch it Fryske ferset tsjin de nazibesetters. Se fûn dêr in bulte parallellen mei it Palestynske ferset, dat op dit stuit yn Palestina plak fynt. ‘Café Disorient: Sound of the Camp’ ferkent it ferset tsjin ûnderdrukking en kolonialisme en syn motiven: de winsk om te libjen – en om dat op dyn eigen betingsten dwaan te kinnen. Hoewol’t de measte Fryske fersetsstriders net mear ûnder ús binne, foel it Susanne op dat der noch hieltyd in grut tal minsken yn de provinsje is waans bestean foar in grut part út ferset bestiet. Wistest dat it tal AZC’s yn Fryslân grutter is as yn elke oare provinsje yn it lân?

Hokker materiaal om it ferhaal te fertellen?
In oar wichtich aspekt fan Susanne’s artistike wurk is dat se eksperimintearret mei in soad ferskillende materialen. Dêryn ferkent se ferskate wizen wêrop’t dizze ferhalen fan ferset ta útdrukking komme kinne en tagelyk artefakten fan ferlerne en net-fertelde skiednissen wêze kinne. Sa komme der faak de gesichten fan tritich Palestynske jonges, dy’t fermoarde binne troch Israelyske troepen, werom yn har wurk; earst belicheme troch klaai, dêrnei yn keramyk, en meast resintlik yn brûns. Susanne sil mei har reis ek in besite bringe oan de Langwar Glêsstudio, om no ek keunstwurken mei glês te meitsjen. Fryslân stiet bekend om syn fakmanskip. Susanne sjocht der nei út om fan lokale eksperts te learen en har artistike palet fan feardichheden, materialen en techniken út te wreidzjen.

“Wille as in died fan ferset.”
As in dochter fan flechtlingen, en sels ek flechtling, sil Susanne troch de provinsje reizgje, ferhalen fan ferset sammelje, en dy ferbine oan libbens fan minsken dy’t fjochtsje foar har rjocht om yn in feilige omjouwing te libjen. Dizze minsken en har ferhalen sille de basis foarmje fan de eksposysje dy’t folgje sille yn oktober dit jier. De poëet Toi Derricotte sei ea: “Wille is in died fan ferset.” Susanne’s oanpak by de residinsje sil dizze gedachte belichemje. Har boartlike ynstallaasjes, kleurrike skulptueren en waarme konserten sille nije paden iepenje dêr’t drege en pynlike ûnderwerpen op in iepen wize besprutsen wurde kinne en dêr’t elke besiker him feilich en wolkom fiele sil.

Pop-up eveneminten troch Fryslân
Susanne sil mei de reis troch Fryslân in tal aktiviteiten organisearje. Bist wolkom om se allegearre by te wenjen! Dizze eveneminten sille bestean út ien of mear konserten mei jamsessy’s, in spultsjesjûn, in kykje yn har Handala-argyf, en goede petearen ûnder it genot fan in hearlik Palestynsk kopke kofje, servearre yn unike keramyske stikken, makke troch Susanne. Earder hat Susanne dit konsept op in tal oare plakken útfierd, dêrûnder it Valkhof Museum, WORM Rotterdam, Sonsbeek Festival en De Fabriek Eindhoven. Wy binne tige entûsjast dat se no mei har projekt nei Fryslân komt en binne ek tige benijd wat dizze edysje fan it projekt, foar it earst ridend, bringe sil.

Wy soene it fantastysk fine dy dêr te sjen. Hâld dêrom in eachje yn it seil foar de wiidweidige planning fan alle eveneminten dy’t Susanne organisearje sil. Fia ús webside en social mediakanalen sille wy geregeld updates oer har reis poste.

Program:

  • 13 july, woansdei: Kofje en konsert by it AZC yn Sint Anne

    (Mear data folgje ynkoarten!)

Design: Natalia Papaeva Stipe troch: Mondriaan Fûns, Gemeente Ljouwert, Provinsje Fryslan, Old Burger Weeshûs, Prins Bernhard Kultuerfûns, Ritske Boelema Fûns, Stichting Stokroas en it VBS Fûns