
Mei Club VHDG jouwe wy jonge professionals de kâns om nije programma’s te ûntwikkeljen. De klup bestiet út jonge kuratoaren, keunstners, produsinten, stazjêres en frijwilligers. Yn oparbeidzjen mei dizze minsken sjogge wy nei it programma fan VHDG. Hoe wurket dit krekt?
Club VHDG komt no en dan byinoar om mei te tinken oer ús projekten en keunstners. Op de meetings foarmje wy wurkgroepen. Sa kinst mei dyn team wat meitsje of in projekt opsette. In foarbyld fan Club VHDG is ús edukaasjeteam. Dit team giet dan by skoallen del om workshops te jaan yn it tema fan in eksposysje of residinsje. Foar it meidraaien by Club VHDG is in fergoeding beskikber.


Wanna join?
Stjoer ús dan in berjochtsje. Ast meidochst sjogge wy nei dyn driuwfearren, watst graach leare wolst en hoe’t ús bydrage hjiryn derút sjocht. Wurkest oan dyn netwurk, tinkst mei mei ús belied en krijst romte foar ûntwikkeling. Fiel dy frij om in jûn mei te sjen by in meeting!