Skip to content

HEDEN: Surveillance


VHDG

Online


vr, 28 mei 2021 - 19.30 / 22.00


HEDEN: Surveillance

28 maaie, 19:30 live fia hjir

Befeiligingskamera’s op strjithoeken, stikkerkes dy’t op webcams plakt wurde moatte, social media algoritmes dy’t mear oer dy witte dan ast sels witst. Wy binne sichtberder as oait en de bekende ‘Big Brother’ út de dystopyske roman fan George Orwell – dy’t it minskdom altyd op ’e kuer hâld – liket in hieltyd minder surrealistysk begryp, al binne wy no foaral ús eigen big brother.

Mar neffens bekende tinkers as de Frânske filosoof Foucault en de Koreaansk-Dútske Byung-Chul Han wurde wy net allinnich mar yn ’e gaten holden. Wy hâlde ek ússels hieltyd mear yn ’e gaten: transparantens liket de etyske hoekstien fan de hjoeddeistige tiid, allinnich dy’t alles bleatjout is te fertrouwen. En dielst net dyn hiele libben, dochst dan noch wol mei?

Yn de nije edysje fan HEDEN, op 28 maaie op VHDG TV (livestream), nimme trije keunstners en in wittenskipper it tema ‘surveillance’ ûnder de loep. Hokker effekt hat dizze kontinue sichtberens op ús as minsken? En kinne wy noch ûnbemurken bliuwe? En wat is ûnsichtberens yn de hjoeddeistige maatskippij – in lúkse, in died fan ferset, of it ferliezen fan dysels?

Op HEDEN: Surveillance gean wy yn petear oan de hân fan de keunstwurken fan Dries Depoorter, Femke Herregraven en Roos Groothuizen, en refleksjes fan tech-etikus en sprekker Peter-Paul Verbeek. It tema dat harren wurken en gedachtegoed ferbynt is hoe’t wy ús manûvrearje troch de digitale wrâld, foaral no’t wy ús hieltyd bewuster binne fan de konsekwinsjes fan ús digitale ekspedysjes: nammentlik de persoansgegevens en data dy’t wy dêrby ‘fuortjouwe’.

Ferwachtsje in surveillancekamera dy’t dy net allinnich yn ’e gaten hâldt, mar ek tsjin dy sprekt en opneamt wat er allegear foarbykommen sjocht en belânje yn in pokerspul dêr’t dyn eigen data ynset binne. Of stapst yn de fuotlêsten fan Wallstreetbankiers en setst dyn jild yn op de wierskynlikheid fan in folgjende natuerramp?

Wannear: Sjoch mei op 28 maaie, om 19:30

Wêr: fia VHDG TV (fia facebook.com/KunstinitiatiefVHDG)

Tagong fergees

Dizze edysje fan HEDEN wurdt fertoand fia livestream. 


Design: Michiel Teeuw
HEDEN Sûnt 2014 organisearje wy HEDEN: in eksposysje-foar-ien-jûn mei trije keunstners en in sprekker út de wittenskip of filosofy om in aktueel tema hinne. HEDEN is by útstek tagonklik foar in breed publyk sûnder (foar)kennis fan hjoeddeiske keunst. Presintator Rutger Middendorp nimt it publyk mei yn petear mei de keunstners en sprekker. HEDEN set oan ta kritysk tinken en ferbynt byldzjende keunst mei wittenskip en filosofy: fanút de keunst kritysk sjen bliuwe nei ús wrâld, mei it publyk as aktive petearpartner.

Galerij