Skip to content

Bernardo Zanotta


Bernardo Zanotta

Bernardo Zanotta (1996) is in Braziliaanske filmmakker, byldzjend keunstner en skriuwer. Syn films binne ynternasjonaal fertoand en ûnder oare priizge op Locarno Filmfestival, Queer Lisboa en Vilnius Film Festival. Zanotta behelle in Bachelor Moving Image oan de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam. Hjir die hy koartlyn ek in research fellowship.

 

Zanotta makket keunst yn ûnderskate dissiplines. Dit fariearret fan film en teäter oant ynstallaasjes en skriuwwurk. Hy wurke ûnder mear oan de films In His Bold Gaze (2018), Heart of Hunger (2018) en Quintal (2018). Op it stuit doch hy ûndersyk nei de tropyske gotyk, in ferfolch op syn ûndersyk nei kannibalisme. Bernardo is aktyf belutsen by de underground cinema scene en liedt in fideosponsore lêsgroep om queer diaspora hinne.

 

Byld: Bernardo Zanotta