Skip to content

Bart Eysink Smeets


Bart Eysink Smeets

Bart Eysink Smeets die yn 2005 eineksamen oan it Stedelijk Gymnasium Haarlem. Dêrnei folgen in jier Car Design oan de Huddersfield University yn Huddersfield, West Yorkshire, Ingelân en in jier Industrieel Ontwerpen oan de Technische Universiteit Delft. Uteinlik fûn hy syn plak oan de Design Academy yn Eindhoven.

 

Yn syn wurk sjocht Bart Eys8ink Smeetsk op in humoristyske wize nei dingen út ús deistich libben. Hy leit gewoanten bleat dêr’t wy normaal net sa by stilstean. Tink oan in sinnebank dy’t syn stroom krijt fan in sinnepaniel, of oan Bart dy’t de blommen yn syn faas ta perfekte fjouwerkantsjes knipt, krekt sa’tst dat ek by hagen yn de foartún sjochst. Ien ding is wis: Bart makket dy oan it gnizen.

Foto: Bart Eysink Smeets