Skip to content

ROTONDE: Leendert Van Accoleyen

Transport naar Mars 003


VHDG

Rotonde Julianalaan

Rotonde Julianalaan, tegenover Curioskerk en Julianapark


Rotonde Expositie

za, 12 nov. 2022 / ma, 12 dec. 2022


ROTONDE: Leendert Van Accoleyen

Foar de measte minsken is in deade beam in nutteleas objekt: stiet der ien yn dyn tún of op dyn hiem, dan wolst him kwyt. Mar foar it nije keunstwurk op de VHDG-rotonde oan de Julianalaan yn Ljouwert is Belgysk keunstner Leendert Van Accoleyen dêr krekt nei op syk gien. Hy wol in deade beam in nij libben jaan, troch dy eigenhandich wer rjochtoerein te setten. De earste kear hat de natuer it wurk dien; diskear docht de minske it. Fanôf sneon 12 novimber sil dit wurk mei de titel ‘Transport naar Mars 003’ in moanne lang op de rotonde te sjen wêze.

Stiennen en Beammen
It oarspronklike idee foar dit projekt ûntstie op in residinsje yn Portugal. Leendert wurket foaral mei ôftanke gebrûksfoarwerpen fan de minske dy’t harren nut ferlern hawwe, sa as ôffal. Dêr yn Portugal ferbleau er lykwols yn in boskrike omjouwing dêr’t amper of gjin ôffal te finen wie. De materialen dy’t er dêr wol fine koe, ynspirearren him ta de kreaasje fan in nij keunstwurk. Mei in mes en wat tou bûn er in stien dy’t er fûn hie oan in twa meter lange takke fêst en hy makke sa in hefboommeganisme. Sa koe er de stien de loft yn hise. As er losliet, luts de natuer fia de swiertekrêft de stien wer nei de grûn.

In skoftsje letter, op in residinsje yn Súd-Frankryk, kaam Leendert in deade beam tsjin. Weromtinkend oan de stien, woe er dy beam sa fluch mooglik de loft yn hawwe. Hy fûn dêr yn de direkte omjouwing twa tsjillen dy’t er dêrfoar brûke koe. Flot fabrisearre Leendert in as troch de stam fan de beam, en kreëarre sa in simpel mar effektyf systeem om de beam rjochtop te setten. Mei twa stiennen foar de tsjillen en de beam fêstset mei in tou, stie dêr yn in omsjoch de earste ynkarnaasje fan Transport naar Mars. De swiertekrêft wie diskear net sterk genôch.

It Wurk stiet Sintraal
In belangryk tema út Leendert syn praktyk is dat it wurk of de hanneling sintraal stiet. Syn doel is om keunstwurken te kreëarjen dy’t foar harsels sprekke sûnder tekst of útlis. Faak giet it oer simpele hannelingen dy’t je likegoed wol op ferskillende manieren ynterpretearje kinne. Sjochsto wat oars yn it keunstwurk as wat Leendert bedoelde? Dat is goed, want dat kreëarret dialooch. Syn keunstwurken binne unyk, mar Leendert makket gjin ‘nije’ dingen. Al ûnder it makproses stelt er it materiaal sintraal troch it him liede te litten yn it omfoarmjen ta in keunstwurk. Hy ynvestearret gjin jild yn djoere materialen. Yn plak dêrfan fynt, sammelt en assemblearret er. It giet om de hanneling, wêryn’t er mei syn ienfâldige yngrepen de wrâld, de natuer of losse objekten foar in skoftsje opnij arranzjearret. Nei in moanne sil de deade beam dellitten wurde en wer in stik deade natuer wêze.

Ferzje 003
Mei dy filosofy as útgongspunt is dit rotondeprojekt einliks in frjemde ein yn ’t bit. Transport naar Mars is spontaan ûntstien neffens Leendert syn kenmerkjende metodyk. Transport naar Mars 002, in lettere werkreëarring fan dat wurk, wie einliks it tsjinoerstelde. It plan om it âldere projekt te werheljen ûntstie en dêr moasten doe de materialen foar socht wurde. Net it materiaal mar it idee wie no liedend. Dat fielde dochs wat frjemd.

Foar dizze tredde ferzje, Transport naar Mars 003, besiket Leendert om dy nije manier fan ta stân kommen te fersoenjen mei syn gebrûklike wurkwize. Oft dat slagje sil? Wa wit. Miskien slagget it him no in gouden middenwei te finen, of miskien sjocht er aansten wol permanint ôf fan sa’n oanpak. Dat kin einliks allinnich Leendert achternei pas fertelle. Mar foar it keunstwurk sels docht dat der úteinlik allegear net sa bot ta. Wat ropt Transport naar Mars 003 by dy op?


Foto: Trevor Vreeburg