Skip to content

HEDEN: Humor

In jûn oer keunst, aktivisme en humor


VHDG

Neushoorn

Ruiterskwartier 41, 8911 BP Leeuwarden


do, 04 nov. 2021 - 19.30 / 22.00


HEDEN: Humor

Yn de nije edysje fan ús ien-jûn-ekspo-en-talkshow HELDEN, gean wy mei keunstners Alina Lupu, Willem de Haan, Joyce Overheul en wittenskipper Sibe Doosje yn petear oer it tema ‘humor’. Hoe kinne wy humor sa tûk mooglik ynsette om wat te berikken, om ús te ferienigjen, of wichtige saken oan de kaak te stellen?

Ut ûndersyk hat bliken dien dat de laits dy’t folget op kidele wurden de útdrukking is fan de lytste mjitte fan pine dy’t in minske fernimme kin. Wannear’t dingen in bytsje sear dogge, laitsje wy. Wy laitsje neffens kultuerkritikus Terry Eagleton om ‘It feit dat dingen misgean, út de pas rinne’, oftewol dat de wrâld even net mear draait sa’t wy dy kenne.

Humor en tragyk lykje ûnferbrekber mei-inoar ferbûn. Net gek dus, dat grappen yn krisistiid tanimme en net gek ek dat men him soargen makket om it feit dat wy ‘nergens mear grappen oer meitsje meie’. Earne om laitsje kinne, is earne mei libje kinne. En dêrby is neat grappich dat gjin gefoelige kwestje is.

Humor rjochtet him faak op de saken dy’t foar ús it wichtichst binne, makket dy saken lichter en besprekber. Mar as it by inkeld laitsjen bliuwt, kin humor ek stereotipen befêstigje. Want: bist no wat oan it befreegjen of oan it ferskûljen?

As humor tûk ynset wurdt, hat it de krêft om te emansipearjen. Filosoof Henri Bergson stelt yn in ferneamd essay oer humor sels: “laitsje is engazjearre wêze mei de realiteit”. Dochs giet humor yn de praktyk komselden mank mei aktivisme. Want laitsjen is faak in utering fan relativearringsfermogen. En krekt by radikale aktivisten ûntbrekt it dêr – net sûnder reden – faak oan. Mar ek by aktivisme kin humor in grutte en ferbinende rol spylje. Want: laitsjen bynt.

Wy binne hiel bliid dat it wer fysyk plakhawwe kin! Om dat te fieren is de entree fergees. Bestel  hjir dyn tickets

Let op: Foar dit evenemint is in koroanatagongsbewiis ferplichte. Ek te folgjen fia VHDG TV


Design: Michiel Teeuw

HEDEN Sûnt 2014 organisearje wy HEDEN: in eksposysje-foar-ien-jûn mei trije keunstners en in sprekker út de wittenskip of filosofy om in aktueel tema hinne. HEDEN is by útstek tagonklik foar in breed publyk sûnder (foar)kennis fan hjoeddeiske keunst. Presintator Rutger Middendorp nimt it publyk mei yn petear mei de keunstners en sprekker. HEDEN set oan ta kritysk tinken en ferbynt byldzjende keunst mei wittenskip en filosofy: fanút de keunst kritysk sjen bliuwe nei ús wrâld, mei it publyk as aktive petearpartner.

Galerij